Oer de Brêge | Jacob en Sjoukje

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester sprak deze week op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk met Jacob Jonker (52) en zijn echtgenote Sjoukje Dijkstra (49). Ze zijn in 2010 getrouwd en wonen in Terwispel.

Jullie zijn 'oud' getrouwd, is het voor beiden de tweede keer? Hij: Ja, al wolle wy dat fierder net yn'e krante ha. Even dan, wat is het verschil met de eerste keer? Zij: Jo trouwe net samar foar de twadde kear. Hij: De twadde kear dogge jo it bewuster. En it befalt hiel bêst. Zij: Wy binne wenjen bleaun yn it doarp dêr't wy wennen en dat is foar de bern ideaal. Okee, ander onderwerp. Zij: Dan meist wol skriuwe oer it parkearplak foar ús hûs. Dat sjocht der net út. Wy ha al in pear kear sein tsjin de gemeente dat se der wat oan dwaan moatte. Hjir op'e Gordyk wurdt alles prachtich oanlein en by ús is it gewoan in dikke bende. Wat is het probleem? Zij: Wy wenje oan de Turfroute en foar ús hûs ha se in gasleiding oanlein en doe de stiennen der mar wat hinne kwakt. Wy hienen der al oer klage, mar fjirttjin dagen lyn is ús âlde buorfrou sa de feart ynriden. Daar heb ik over gelezen. Ze is door een jongeman van verdrinking gered. Zij: Dat is myn soan Aaldert. Hy hat ek 112 belle. It wie in hiele konsternaasje. De gemeente soe de stiennen der wer rjocht yn lizze. Hij: Se sille der al fjouwer jier wat oan dwaan. Zij: It soe foar de winter, mar dat is it no al. De gemeente leest dit stukje vast wel. Wat anders, wat voor werk doen jullie? Hij: Ik wurkje by in fersekeringsmaatskippij, Noorderlinge yn Ljouwert. Ik sit op kantoar en moat nije fersekeringen behannelje, dus al of net aksepteare. En wordt alles geaccepteerd? Hij: Nee, net alles wurdt aksepteard. Ast in buorkerij hast wêr 't it dak fan ynsakket, dat moatst net hawwe. Doet u dat al lang? Hij: Al tritich jier. Ik kin ek neat oars. Wy ha al in reorganisaasje hân, mar ik mei bliuwe. It bedriuw draait as in trein. En wat voor werk doet u? Zij: Ik wurkje ien dei yn de wike, ek by Noorderlinge. Op de resepsje. Hebben jullie elkaar op het werk ontmoet? Zij: Nee, ik haw earst dik tolve jier wurke by de Omah Markthal hjir op'e Gordyk. By Jacob op it wurk sochten se ien en ik woe wol wat oars, en doe koe ik dêr komme. Dus julie carpoolen een dag in de week. Zij: Ja. En it is ek wolris mear dagen. Je hoort wel eens dat het niet goed komt als man en vrouw op het zelfde bedrijf werken. Zij: Mar hy wurket boppe en ik ûnder. Yn de pauze sjoch ik him ris, mar fierder net. Hij: Wy ha ferskillende funksjes. Julie eten niet samen tussen de middag. Zij: Wy rinne wolris in blokje om, mar ek wol mei oare kollega's. Voordeel is wel dat je thuis niet hoeft uit te leggen wat voor werk je doet. Hij: Sy wit my soms dingen te fertellen dy't ik noch net iens wit. Bij de receptie komt natuurlijk wel alles bij elkaar, daar hoor je de laatste nieuwtjes. Zij: Ja en hy sit hiel fier fuort. Allinnich yn de wandelgangen komme wy elkoar wolris tsjin. Hij: En dan sizze wy: hoi, lang net sjoen. Zij: Ik fyn it ek wol noflik om net yn it eigen doarp te wurkjen. Der hoecht ek mar wat te wêzen en elkenien kin jo. Ast no de doar ticht dochst, is it wurk dien. Doen jullie verder veel samen? Hij: Wy meie graach klusse tegearre, geane graach in wykeintsje fuort, sporte, rinne. Zij: Geniete. Hij: Wy dogge fan alles tegearre.

Auteur

Redactie