Oer de Brêge | Jannie van der Hoef

GORREDIJK

Redacteur Fokke Wester ontmoette deze week op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Jannie van der Hoef (57). Zij runt met haar man Tinus (61) de sportzaak die al 48 jaar is gevestigd in het centrum van Gorredijk.

Bent u als ondernemer tevreden in Gorredijk? It binne fansels roerige tiden op dit moment, al stabiliseart it him wol wat. Mar der is hiel wat gebeurd de lêste jierren. Hebben jullie echt slechte jaren gehad? Ja, absoluut. Heel slecht? No ja, behoarlik. Wy ha echt ús bêst dwaan moatten om de goeie keuzes te meitsjen. Sa ha wy it assortimint feroare, want wy hienen earst folle mear artikelen yn'e winkel. Jullie hebben je gespecialiseerd? Ja, yn fuotbal, running en fitness, dat soart sporten. Echt dúdlik wêze en dan ek alles op dat gebiet ha. Wy ha trouwens wol mear, hear, ek redens en darts, sportprizen. Wat hebben jullie dan afgestoten? In hiel soad frije-tiidsspul, sportmoade, outdoor. Minsken wolle soks dochs hiel grut sjen. Dat koenen wy yn ús winkel ek net goed kwyt. En, heeft het geholpen? Ja, ik tink dat wy de goeie wei ynslein binne. Moatst wol soargje dat alles der ek is, dat se net misgripe nei dy fuotbalbroek of sa. Of al dy lytse artikels, fan in fluitsje oant in skeenbeskermerke, of lampkes foar rinners mei dizze donkere dagen. Is aanpassen vooral nodig in kleinere dorpen, of geldt dat ook voor bijvoorbeeld Drachten. Ik tink it wol. Dat is dé trend op it momint. De online-ferkeap hat ek in protte skea brocht foar de winkeliers. Jullie hebben geen webshop? Jawol, mar dat is in gesamenlike mei de ynkeapkombinaasje. Wy binne te lyts om dat sels hielendal te dwaan. It is in ferlingstik fan de winkel. Heeft u in die moeilijke jaren ooit overwogen om te stoppen? Nôh, myn man sit wol wat mei syn sûnens, mar wy kinne ek neat oars. Heeft u opvolgers? Nee. U moet over een tijdje dus het bedrijf verkopen. Dat soe wol moai wêze. Dan is het dus des te belangrijker dat het bedrijf goed loopt, want een zaak die niet loopt kun je niet verkopen. Dêrom binne wy der ek sa drok mei dwaande. Wy ha ek gjin oare keus mear. U werkt nu in feite voor uw pensioen. Ja, dat is inderdaad ús pinsjoen. Dêrom is it ek sa belangryk dat it goed draaien bliuwt. Dêrfoar binne wy ek sa hurd bezich. Dat lijkt me heel zwaar. Is it ek. Mar as it dan slagget, jout dat ek wol wer in hiel posityf gefoel. U hoort echt bij Gorredijk. Ja, fyn ik wol, absolút. Dit is in prachtich doarp. Jo ha hjir noch frij parkearen en in hiel soad winkels en keuze. Wy ha supermerken, wy ha Rinsma, neam mar op. Se komme allegear hjir noch hinne fanút de omlizzende doarpen en dat moatte wy ek sa hâlde. Hjir sit dochs wol in grut oanbod oan winkels en dat moatst koesterje. Wy moatte der foar soargje dat dat net fierder ôfbrokkelt. Wy moatte goed op ús doarpke passe, want dat is hiel bysûnder.

Auteur

Redactie