Oer de Brêge | Anneke Bok

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester kwam deze week op de brug in de Hoofdstraat Anneke Bok (83) tegen. Zij woont vlakbij in het appartement bij het kruispunt van weg en water.

Ik kom fan de Tynje, mar doe't ik troude bin ik nei Terwispel gien, dêr hienen wy in leanbedriuw, Jonker. Ik haw altyd meiwurke, oant 1990, doe binne wy skieden en bin ik nei De Gordyk ta gien. Ik wenje no wer allinnich, want myn twadde man is fiif jier lyn weirekke. Is dat niet eenzaam? Nee, ik wenje hjir al fiifentwintich jier op'e Gordyk en ik ha myn kunde hjir allegear wol. Hartstikke moai dochs, moai yn it sintrum, it libbet hjir altyd en in moaie flat, wat wolle jo noch mear. En ik ha noch in auto. U rijdt nog zelf. Ja, en ik haw ek in camperke en dêr ryd ik ek yn. Gaat u nog ver weg? Ik ha dy camper kocht mei myn twadde man, Jan Schothorst, in âld plysjeman, hy wie doarpsplysje yn Nijehoarne. Sa'n lyts VW-buske. Wy ha him omtimmerje litten en ha der jierren en jierren yn riden, Jan ried fan de Kaap oant Itaalje ta. Doe krige hy Alzheimer en doe bin ik begûn te riden, mei him derneist. Hoe vond u dat? Prachtich, skitterjend wie dat. Ik ha dat buske noch en fan't simmer haw ik der fjirtjin dagen mei fuort west. Ik ha in freondinne yn de Achterhoek en dêr gean ik dan op it hiem stean. En dan sliep ik yn'e bus, dan ha'k myn eigen útfanhûzerskeamer mei. En ik fyn dat sa prachtich, hin? Durft u ook nog wel naar het buitenland? Ik doar wol, mar myn bern ha't leaver net. Sy sizze: ast wat krijst, moatte wy dy út it bûtenlân wei helje. En daar laat u zich door weerhouden. (Zucht) Ik moat wol hin? Hoe voelt dat om in die camper weg te rijden? No sjoch, ik ryd hjir by Terwispel de Rykswei op en dan ryd ik oer Swolle en Arnhim. Dat is in fluitsje fan in sint, want dat is allegear foarrangsdyk, dus ik ha altyd foarrang. Ik ryd altyd achter in frachtwein oan, in eintsje der achter. Dy ride ek hûndert en altyd oan de rjochterkant. Dy camper is no sa âld, dy kin der tink ik net iens mear omhinne komme. Geweldig. En mei myn freondinne ek, dan hiere wy faak in hûske fan Landal, wol trije, fjouwer kear yn't jier soms. Prachtich, dochs? Volgens mij geniet u nog volop, u staat hier gewoon te glunderen. Ik fyn dat moai. Ik ha de camper no opburgen, mar ik bin wol fan plan om him oar jier wer te brûken. Wy ride hjir ek wol yn'e buert, eefkes nei Bakkefean of sa. Dan sitte wy lekker yn it sintsje mei in bakje kofje. Was u in de jaren zestig ook al een hippie? Want die reden ook allemaal in zulke VW-busjes. Nee, ik bin yn 1959 al troud mei myn earste man. Ik wie al te âld foar dy flower power. Bedankt. Ik maak nog even een foto van u. Wolle jo net witte wat ik fan De Gordyk fyn? Nee, hoeft niet, dit is veel leuker.

Auteur

Redactie