Rob Burger beneamd as tydlik steatelid foar SP

APPELSKEA/LJOUWERT

 Rob Burger fan Appelskea is hjoed beneamd ta tydlik lid fan Provinsjale Steaten foar de SP.

Burger ferfangt foar in perioade fan foarearst sechstjin wiken Pieter Kraaima, dy’t him troch sykte tydlik weromlutsen hat út de steaten. Burger (1957) is berne yn Beverwijk en wurket as koördinator wurkpleatsen by de Academie Minerva fan de Hanzehogeschool Grins. Hy is sûnt septimber 2015 earste opfolger en kommisjelid foar de steatefraksje fan de SP. As kommisjelid koe hy al dielnimme oan it debat yn de steatekommisjes. Mei yngong fan hjoed is er no foar in perioade fan 16 wiken ek steatelid en kin er folslein meidwaan oan de beslútfoarming yn de Fryske steaten.  

Auteur

Fokke Wester