Oer de Brêge | Klaas Akkerman

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester trof deze week op de brug in de Hoofdstraat Klaas Akkerman (57). Hij en zijn vrouw wonen sinds kort weer in Gorredijk, nadat ze 27 jaar in Terwispel hadden gewoond.

Wy hawwe it hûs te keap setten want wy woenen graach nei De Gordyk ta. Wat tichter by de winkels en alles. Jo wurde wat âlder no? Wy hienen no de kâns en koenen it hûs goed ferkeapje, dan moatte jo der by wêze. Waar komt u oorspronkelijk vandaan. Nijeberkeap. Daar wilde u niet weer heen, of naar Heerenveen? Nee. En nei it Hearrenfean al hielendal net. Dat is my te grut. Ik fyn De Gordyk in moai plak om te wenjen. Ast sjochst wat der no wer bard mei dy ferbouwings allegear. En alles is der wat jo noadich binne. Klein genoeg om gezellig te zijn, groot genoeg om alles te kunnen bieden. Krekt, jo kinne hjir alles krije. No ja, jo kinne foar klean of sa noch wolris nei Drachten of it Hearrenfean, mar wat jo dageliks noadich ha kinne jo hjir oeral krije. Alles is hjir. Heeft u hier ook werk? Op it momint net. Ik wie kwaliteitskontroleur by Kwant Controls yn Snits, dy makket alles wat yn de stjoerhutte sit fan skippen dy't op see farre. Dat is frij spesjalistysk wurk, dus it falt ek net ta om dêr wer wat nijs yn te finen. Oan'e oare kant is spesjalisme ek in foardiel, want der is gjin oplieding foar en ik ha wol de ervaring. Ik bin fuort-reorganiseard. Se ha de mjitkeamer opheven, want dy fûnen se te djoer. It is wol soer, mar sa giet dat. En u moet toch nog een jaar of tien, voor u aow krijgt. Ja, dêr gean ik wol fan út. It giet wer better sizze se, mei de ekonomy, dus. Ik bin oplieden foar de metaal, mar ha altyd yn de bou wurke en dêr bin ik foar ôfkeurd. Troch de rêch gien en mis. Doe moast ik wat oars. Maar u blijft optimistisch, merk ik. Ja, jo kinne wol by de pakken delsitten gean of op de bank sitte te kniesoaren, mar dêr sjitte jo ek neat mei op. Ik ha my der altyd wol aardich trochhinne slein. Ik bin oan it sollisitearjen en hjir en dêr komt der wolris wat út. It draait wolris op in gesprekje út, mar dan bist ien fan de fjouwer. En een van de ouderen. Ja, ik ha wolris tsjin sa'n bedriuw sein: as jim in jongerenien oannimme mei in hege oplieding, dy hat ambysjes, dy is mei twa jier wer fuort. Ik tsjinje myn lêste jierren hjir wol út. En ik ha de ervaring. Maar zo denken bedrijven meestal niet. Nee. Ik ha oars net sokke hege easken, as ik mar wurk ha, dat mei ek yn de produksje. As ik mar fan de strjitte bin, dan fyn ik it al wer bêst. Waar fietst u nu heen? Nei hûs, ik hie sin oan kofje mar ik hie gjin kofjemolke mear. Ik bin no in bytsje húsman, hin? Myn frou wurket yn it sikehûs yn it Hearrenfean. As sy thúskomt haw ik it hûs meastal wol oan'e kant. Wc skjinmeitsje, ramen lappe, ik doch fan alles. Jûns wat itensiede, ik fyn it wol moai wurk. Moatst dy in bytsje fermeitsje, juh.

Auteur

Redactie