Oer de Brêge | Tess Rudolphy

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat Tess Rudolphy (24). Ze is geboren en getogen in Gorredijk, woonde twaalf jaar in Tijnje en woont nu weer in haar geboortedorp.

Hoe is het om 24 te zijn in Gorredijk? Net folle bysûnders, eins. Ik fyn it wol leuk, it is in moai plak. Ik ha tolve jier yn Tynje wenne mei myn mem, mar doe't ik op mysels wenjen gie, wie ik bliid dat ik wer yn De Gordyk komme koe. Ik miste de Gordyk ek hiel bot. Werk je hier ook? Ik ha in útkearing en wurkje by de Wereldwinkel, as frijwillichster. Dat is hast in fulltime baan. Is het moeilijk om aan werk te komen? Ja. Ik haw in oplieding dien foar grafysk ûntwerper en dêr soe'k ek wol graach wurk yn sykje, mar dat is my noch net slagge. Maak je wel eens grafische opdrachten voor mensen of bedrijven? Ik brûk it foar myn wurk by de Wereldwinkel. Ik meitsje poosters, advertinsjes en ik doch de social media. Ik besykje dat sa wol wat by te hâlden. Je brengt de Wereldwinkel naar 2.0. Ja, dat prebearje ik wol, dat is al it doel. Is Gorredijk al 2.0? Jawol, ik tink it wol. Foar de grutte fan dit doarp tink ik dat wy goed bezich binne mei social media en alle moderne dingen. Fan in protte winkels folgje ik ek wol wat se dogge op social media en oare aktiviteiten en ik fyn dat se it altyd wol hiel leuk dogge. Ze zijn hier niet achter, wat wel eens van het platteland wordt gezegd? Nee, hielendal net. Krekt foar lytsere doarpen is it belangryk om dêrmei aktyf te wêzen. It is gewoan in hiel moai doarp en ik fyn dat se dat ek wol sjen litte meie oan de rest fan it lân. Social media binne dêr hiel geskikt foar. Mei Facebook komst ek yn Súd-Afrika, berikst der in hiel grut publyk mei. Tekst en foto: Fokke Wester

Auteur

Redactie