Oer de Brêge | Anneke Wieringa

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester sprak op de brug in de Hoofdstraat met Anneke Wieringa (59). Zij woont sinds 28 september in een appartement in gebouw De Slijper in Gorredijk.

Ik kaam út Rotterdam, dêr hie ik fjirttjin jier wenne. Mar der wie safolle lawaai, ik koe dêr net mear sliepe. Dêrom tocht ik: ik moat mar wer werom. Ik haw in útkearing, dus ik bin net bûn oan in wenplak. Ik bin geboaren yn De Lemmer en myn mem wennet dêr ek noch, mar troch myn broer bin ik hjir kommen. Hy wurket by Timpaan. Hy sei: 'De Gordyk is wol in moai plakje, miskien is dat wol wat foar dy. Doe ha wy hjir om in hûs sjoen en ik koe yn de 55+-apparteminten fan Elkien.'' En, heeft hij gelijk? Ja, dat is wol sa. Ik ha my no opjûn foar frijwilligerswurk, ik wol graach taalhulp wurde foar fluchtelingen. Ik moat wat dwaan foar myn útkearing en dat is ek wol goed, want achter de geraniums is ek neat. En dan komme jo der ek wat tusken. Ik moat hjir fansels noch wat kennissen krije en freonen, mar dat nimt wat tiid. Is het dan een voordeel dat u al Fries kunt spreken. Ik tink it wol, mar ik moat der wol by neitinke, want ik tink net mear yn it Frysk. As jo it noait prate, dan slyt it dochs wat. As ik hjir wat langer bin, dan sil it wol wat weromkomme. Gewoon blijven gebruiken dus. Ja en as ik in wurd net wit, dan freegje. Sa haw ik no in nije dokter fansels en dy sit yn De Kompe. Doe frege ik: wat betsjut dat, Kompe. Ik toch oan in rivierke of sa, mar dat is in waarme tekken, dy biedt beskerming. No, dat wist ik net. En voelt Gorredijk ook als een warme deken? Ja, de minsken binne hjir freonlik. Se sizze goeiendag. As jo yn Rotterdam tsjin in âld froutsje sizze fan goeiemorgen, dan tinke se dat jo har bestelle wolle. Net allegear, mar dy binne der wol by. It is hjir folle gemoedliker, dat fyn ik dochs leuk, dat miste ik dêr wol. Mar hjir binne de minsken wol wat mear fan de kat út de beam sjen, en dat is dêr net sa, yn Rotterdam. Dêr binne se wol in bytsje flotter, brutaler. Maar als ze hier één keer die kat de boom hebben uitgekeken... Dan is it ek klear. Mar jo moatte der sels ek wat muoite foar dwaan, jo der wat foar ynsette, jo bêst foar dwaan, dan komt it wol goed.  

Auteur

Redactie