Oer de Brêge | Henk-Johan Sytema

Opsterland-Ooststellingwerf

Voor de rubriek Oer de Brêge sprak redacteur Fokke Wester op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk met Henk-Johan Sytema uit Menaldum.

De medewerker van de provincie Fryslân ging met een vetspuit langs de scharnieren van de ophaalbrug. Wat zijn wij aan het doen? ,,Ik doch it ûnderhâld fan brêgen en slûzen fan de provinsje, troch hiel Fryslân hinne. Hjoed bin ik mei de Turfroute oan de gong, de brechjes en de sluskes. En no bin ik hjir oan ta. Ik tink dat ik der al in stik as fyftjin hân ha, eefkes mei de fetspuit der by lâns en kontroleare oft de boel goed draait en oft der neat beskadige is. Lytse skea repareare wy fuortdaliks en as it grutter is meitsje wy der in foto fan en dy komt yn in rapportsje, dat dan wer bepraat wurdt. Lytse dinkjes dogge wy sels en grutte putten wurde útbesteed." En, hoe ligt de brug er nu bij? ,,Wat ûs oangiet leit er der kreas by. Der is wol ris wat skea en ja, it beweecht, dus it hat op in stuit ûnderhâld noadich." Is het een beetje een vrij beroep of werkt u op een strak schema. ,,Ik ha wol in skema, want ik moat elke moanne alles ynspekteare, mar de iene brêge hat wat mear ûnderhâld noadich as de oare. Ik kom hjir twa, trije kear yn jier." Welke indruk heeft u van Gorredijk? ,,Dit is in skitterend plakje. It is hjir altyd drok en levendich. No binne de brêgewachters der net omdat de Turfroute sluten is, mar it libbet hjir altyd, der is hjir altyd wol wat te dwaan. Gesellich fyn ik it hjir altyd." Tekst en foto: Fokke Wester

Auteur

Redactie