Thuishuis Tomke sertifisearre ‘bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’

Opsterland-Ooststellingwerf

Op woansdei 12 oktober is it feest by Thuishuis Tomke, bernedeiferbliuw yn Beetstersweach.

Thuishuis Tomke wurket sûnt oktober 2014 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern en hat it sertifisearringstrajekt no ôfrûne. Sy hawwe it sertifikaat ‘bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. Yn it ramt fan de sertifisearring is it feest. Riemkje Pitstra sil in Tomkeferhaaltsje foarlêze, oer it bernedeiferbliuw en it beheljen fan it sertifikaat. Dit ferhaal hat sy spesjaal foar dizze gelegenheid skreaun. At de âlden de bern wer ophelje oerlanget Johanna Zaagmans fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang it sertifikaat oan eigner Gjilke de Rooi en stiet der in hapke en in drankje klear. Provinsjaal ûnderwiisbelied De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om lokaasjes dêrby te helpen. Der binne al rom 195 lokaasjes dy’t it taalbelied ynfierd hawwe en dat oantal is noch altyd groeiende. Thuishuis Tomke Thuishuis Tomke is in partikulier, lytsskalich bernedeiferbliuw. Gjilke de Rooi hat yn 2013 de oerstap makke fan gastâlder nei bernedeiferbliuw. It bernedeiferbliuw, mei romte foar 12 bern, is húsfêste yn Gjilke har achtertún.  Sûnt 2014 wurket Thuishuis Tomke mei in twatalich belied. Dat hâldt yn dat Gjilke en liedster Melanie Frysk mei alle bern en âlden prate. It Nederlânsk kriget in plakje yn ôfbeakene taalaktiviteiten, lykas foarlêzen en sjongen. Koartlyn hat der in fisitaasjekommisje op it bernedeiferbliuw west, om te sjen oft it taalbelied goed útfierd wurdt. De kommisje hat konkludearre dat dat sa is en skriuwt yn har rapport ûnder oaren: ‘De Nederlânsktalige mominten binne dúdlik ôfbeakene yn it gehiel fan Frysk taaloanbod: by saken lykas ferskes, ferhalen mei boeken wurdt it Nederlânsk geregeld oanbean. De liedsters binne tige bewust mei de talen dwaande en besykje safolle mooglik de taal fêst te hâlden.’ En:‘De romten fan dizze lytskalige berne-opfang binne net hiel grut. Dochs is men der yn slagge om de romten en de hoeken útnûgjend en stimulearjend yn te rjochtsjen, mei alle gelegenheid foar ferskillende en ôfwikseljende aktiviteiten.’ Sertifisearring Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de Stifting Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de lokaasjes om harren wize fan wurkjen te beoardielen. It taalbelied hat as doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei de twadde taal.

Auteur

Redactie