Oer de Brêge | Frouk Oostra

Opsterland-Ooststellingwerf

Voor de rubriek Oer de Brêge trof redacteur Fokke Wester deze week op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Frouk Oostra (63).

Ze is geboren en getogen in Drachten, als dochter van oud-Laweidirecteur Roel Oostra, maar woont al weer jaren in Gorredijk. Hoe bevalt het hier? ,,Geweldich. Ik haw ek noch in skoft yn Rotterdam/Schiedam wenne. Myn man Sjaak is in Rotterdammer, mar dy befalt it hjir ek hiel goed. Wy wenje moai bûtenút, mar fytse faak nei De Gordyk. En seker hjir by de brêge sitte wy simmers graach eefkes op it terras nei de boatsjes te sjen. Dit is in hiel plesierich plakje. Moai om te wenjen. Alles is der, ek leuke, lytse foarsjennings. En ik bin foaral ek hiel enthousiast oer ús boekhannel en de biblioteek.'' Misschien een domme vraag, maar doet het u ook denken aan het Drachten van vroeger, voordat de vaart gedempt werd? ,,Doe't dy feart dempt is wie ik noch hiel jong. Us heit wie dêr yndertiid wol bliid mei. Hy hat der wol tsjinop sjoen dat dy feart wer iepengie, mar no fynt er it ek wol wer moai, hear. Ik kin my dy boatsjeboel yn Drachten net sa heuge, mar dy hat der miskien ek wol noait west lykas hjir.'' Wat vind u van het culturele leven in Gorredijk?  ,,Ik folgje fansels wat de Skâns docht. It is geweldich wat se allegear foar mekoar krije. Ik wurkje sels yn it theater yn Snits. Dat is in kultureel kertier, mei keunstsintrum, poppodium, theater en muzykskoalle ynien. En eins wie dat yn de Skâns ek altyd al sa. Hjir wie ek fan alles, myn dochters ha hjir op muzykles sitten en op toaniel. Ik wit hoe lêstich it is om yn dizze tiid ditsoarte bedriuwen oerein te hâlden. As se in kâns sjogge yn nijbou by de Burgemeester Harmsmaskoalle, dan is dat folgens my wol in goeie saak. Dan moatte se dat mar gewoan prebearje, tink ik." Tekst en foto: Fokke Wester

Auteur

Redactie