Zomerrubriek Welkom aan boord in Gorredijk: Hans en Fokje van der Schaaf

Opsterland-Ooststellingwerf

 De afgelopen weken stonden in de zomerrubriek Welkom aan boord in Gorredijk, vakantievierders op het water van de Turfroute centraal. Deze week de laatste aflevering.

Tekst en foto's: Keimpe Vlietstra
  1. Wie bent u en waar komt u vandaan?
,,Wy binne Hans en Fokje van der Schaaf en wy wenje yn Ljouwert."
  1. Wat is de naam van de boot?
,,De boat hjit La Primavera. It betsjut: het voorjaar.  Doe’t wy de boat seis jier lyn kochten stie dizze namme der al op en dat ha wy mar sa litten, dy namme wie ús wol nei’t sin. It is in Pikmeerkruiser, hy hat earst fan Dútsers west. Alles is lúks en grut, hy fart geweldich, is maklik te stjoeren en oan te lizzen. Foar ús is it in perfekte boat.” Hans: ,,Fokje hat him gesellich en húslik ynrjochte, dat wy hâlde it hjir bêst út.”
  1. Vaart u de Turfroute of bent u toevallig in Gorredijk terecht gekomen?
,,Wy farre de Turfrûte net mear,dat ha wy in jier as wat dien, dat ha wy no wol besjoen. Mar wy komme eins alle jierren yn it foar- en yn it neiseizoen wol even nei de Kalkovens op ’e Gordyk. It leit hjir prachtich, wy kinne hjir sa stadichoan al in soad minsken, Gerdyk hat prima winkels en wy binne foar famylje en freonen goed te berikken. Wy ha noch wol in tip foar de gemeente: der binne wat te min eagen op de balken om de boat oan fêst te lizzen. No binne der wat pealtsjes ynslein, mar dy lizze ek hiel fier útelkoar. Dus slaan wy mar wat spitten yn de grûn, mar dat is foar de mannen dy’t it hjir meane moatte ek wer net handich.”
  1. Hoe lang bent u al onderweg?
,,Ein april sette wy ôf en begjin septimber geane wy wer op hûs oan. Hjirwei farre wy oer Aldeboarn en dan fia Grou folgje wy de ‘steandemêstrûte’ en sa farre wy nei it skiphûs yn Ljouwert. Wy binne in moanne as fjouwer mei de boat ûnderweis."
  1. Wat zijn uw favoriete bezigheden als u voor de wal ligt?
,,Wy meie graach in eintsje fytse en dat kin hjir prachtich. Fierder wat kuierje, wat winkelje, in praatsje meitsje en hjir of dêr even sjen.”
  1. Gaat u ieder jaar met de boot op vakantie?
,,Wy gean al 19 jier mei de boat op fakânsje. De lêste 14 jier binne wy de hiele simmer fuort." Hans: ,,Oant myn sechtichste ha ik altiten hiel hurd wurke; doe ha wy yn de famylje wat dingen meimakke. Foar ús waard it dúdlik dat as je dingen graach dwaan wolle, moatte jo dat net útstelle. Wy ha it hûs ferkocht en hiere no in appartemint oan it wetter yn Ljouwert, sûnder tún, dat wy hoege simmers net om de pear wiken nei hûs om alles by te hâlden. It foldocht ús skoan!”
  1. Wat was uw mooiste bootreis?
,,Alle boatreizen binne moai, fral as it knap waar is. Wy komme gauris op deselde plakken, mar it is alle kearen wer oars. Wy meitsje ek gjin lange reizen, ús faargebiet leit yn Drinthe, kop fan Oerisel en Fryslân. Twa wike lyn leine wy yn Kuinre, ek prachtich. Dêr ha wy noch in petear hân mei ien fan de doarpskrante: ’t Kuunders Kwartiertje; dat stikje komt der yn begjin septimber yn.”
  1. Hebt u nog een leuke anekdote om mee af te sluiten?
,,Ein maart woene wy de boat skjin meitsje, dat doe ha wy de wettertank heal fol dien. Doe’t wy oan it wurk soene: gjin wetter yn de tank, mar wol ûnder yn de boat. Alles der mei pantsjes en ammerkes út skept, oardel dei oan’t sykjen en heisterjen west om it euvel te finen en doe die bliken dat ik ien kraantsje fergetten hie ticht te draaien…..dat oerkomt ús noait wer!”

Auteur

Redactie