Zomerrubriek |Welkom aan boord in Gorredijk

Opsterland-Ooststellingwerf

De komende weken staan in de zomerrubriek Welkom aan boord in Gorredijk, vakantievierders op het water van de Turfroute centraal.

Tekst en foto's: Keimpe Vlietstra
  1. Wie bent u en waar komt u vandaan?
,,Wy binne Jan en Griet van der Meer en wy komme fan De Westereen. Dêrfoar ha wy yn Kollumersweach wenne, mei in ûnderbrekking fan in jier as tweintich Mitselwier.” Jan was huisschilder en toen zij na zijn pensionering weer in Kollumerzwaag kwamen wonen was hij binnen een week weer lid van het koor en tevens leider van de groep vrijwilligers die de kerk gingen schilderen. ,,Dat die ús goed, wy ha altiten aktyf west yn it frijwilligerswurk: brandweer, EHBO, Reade Krús, frijwilliger op Nieuw Toutenburg, swimme mei geastlik gehandicapten yn Bûtenpost, neam it mar op.”
  1. Wat is de naam van de boot?
,,De boat hjit Griejanki: dy namme ha de bern betocht, it is de ôfkoarting fan Griet, Jan en kinderen.”
  1. Vaart u de Turfroute of bent u toevallig in Gorredijk terecht gekomen?
,,Wy farre no al 43 jier en de lêste 20 jier komme wy al yn de Gordyk. Wy ha hjir in prachtich rêstich plakje, wy kinne hjir moai te fytsen, wy kinne hjir nei tsjerke, moaie winkels, moai skjin toiletgebou en dat alles foar ien kear beteljen foar de Turfrûte. Dy ha wy ek al twa kear dien, mar dat wurdt ús no te dreech mei al dy slúskes en brechjes.” Ook over de Marrekrite zijn Jan en Griet zeer te spreken.
  1. Hoe lang bent u al onderweg?
,,Wy stappe yn maaie oan board en dan binne wy oant begjin septimber ûnderweis.” Jan: ,,Dan moat ik wer thús wêze, want dan krije wy glasvezel en dêr soe ik de buorfrou mei helpe.” Dan ligt de boot inmiddels in Harlingen in de winterstalling.
  1. Wat zijn uw favoriete bezigheden als u voor de wal ligt?
,,Wy meie graach in eintsje fytse, en fierder wat lêze, (ze hebben van de kinderen elk een E-reader gekregen met zo’n dertig boeken erop), wat puzzelje en sneins nei tsjerke ta fansels.”
  1. Wat was uw mooiste of uw meest bijzondere bootreis?
,,Al ús boatreizen wiene moai. Mar wy leine dit jier yn Driezum, doe fear der in speedboat mei in protte gong foarby, it wie ôgryslik, sokke grutte golven as dat joech. Elk dy’t dêr lei wie lilk en it wie mar goed dat dat boatsje net wer werom kaam!”
  1. Hebt u nog een leuke anekdote om mee af te sluiten?
Griet: ,,Ferline wike hat Jan al mei foto en al yn it Friesch Dagblad stien. Wy wiene begjin dit jier seis wike nei ien fan de (njoggen) bern. Us dochter wennet yn Nieuw Zeeland en fart op in grut kontenerskip. Wy ha in grutte tocht mei de camper makke. Doe fûnen wy prachtige skelpen, dêr ha wy goed 15 kilo fan meinommen. Dêr hat Jan letter thús mûskes, ûltsjes, sjippebakjes en al sa mear fan makke, foar de bern as sûvenir. Dêr is ‘er mei yn de krante kommen.” Jan: ,,In oare soan wennet yn Kanada, dêr ha wy ek al in kear as wat hinne west, fierder nei Curaçou, Seatle, ja, wy ha al aardich wat fan de wrâld sjoen."

Auteur

Redactie