Zomerrubriek Welkom aan boord in Gorredijk | Piet en Siepie Faber

Opsterland-Ooststellingwerf

De komende weken is in De Woudklank online en in de papieren versie elke week een aflevering te lezen van de zomerrubriek Welkom aan boord in Gorredijk; over vakantievieren op het water van de Turfroute. Piet en Siepie Faber bijten het spits af. 

Tekst en foto's: Keimpe Vlietstra Wie bent u en waar komt u vandaan? ,,Wy binne Piet en Siepie Faber en wy komme fan Marsum.” Zij liggen met hun boot Fresjo in de passantenhaven aan de Kalkovens in Gorredijk. Vaart u de Turfroute of bent u toevallig in Gorredijk terecht gekomen? ,,Wy farre de Turfrûte net mear. Dat ha wy al in kear as wat dien en hy is prachtich, mar it is sa stadichoan wat tefolle geskuor. Wy binne mei opsetsin nei De Gordyk fearn. Wy komme hjir al in jier as wat en it is hjir sa’n moai plakje. It is hjir rêstich en wy ha de winkels tichtby. Wy ha de fytsen mei, want je kinne hjir prachtich te fytsen. ” De ligplaats van de boot is in Burgum; van daaruit zijn zij naar Gorredijk gevaren. ,,Troch Aldeboarn. Dat is sa’n moai eintsje. De minsken dêr binne ek o sa behelpsum." Hoe lang bent u al onderweg? ,,Wy binne no sa’n oardel wike ûnderweis. Earder lokke it waar noch net sa bot.” Hoe lang gaat deze reis nog duren? ,,Noch wol in wike as wat. Sa no en dan geane wy even nei hûs om de tún wat by te hâlden, mar dan gau wer nei de boat. Wy binne út it wurk, dat wy ha de tiid oan ús sels.” Gaat u ieder jaar met de boot op vakantie? ,,Al mear as 50 jier. Sa lang as wy bern ha geane wy te farren mei de fakânsje. De bern ha dat grif moai fûn, want dat binne no sels ek fan dy wettersporters.” Wat zijn de favoriete bezigheden als u voor de wal ligt? ,,Wy meie graach wat lêze, wat puzzelje, de boat moat sa no en dan wat skjinmakke wurde en fansels te fytsen." Leuke anekdote? “Wy leinen op wei hjir hinne in nacht yn de nije passantehaven yn De Westereen, mei noch twa boaten op in rychje. De iene kaam ut Purmerend, de oare út Fryslân. Komme wy hjir letter oan op De Gordyk, lizze wy wer mei deselde trije boaten yn deselde slach. Hoe is’t mooglik net?” Er zijn meer schippers die hun boot ieder jaar afmeren aan de locatie aan de Kalkovens. ,,Mar wy ha hjir dit jier noch net folle bekenden sjoen. Mar ja, it binne allegearre minsken fan ús leeftyd, ‘de grize golf’, miskien komme sy noch.”

Auteur

Redactie