Doarpshûs Terwispel kriget bydrage út Rabobank Koöperaasjefûns

TERWISPEL

 Stichting Us Doarpshûs yn Terwispel kriget út it Koöperaasjefûns fan de Rabobank in bydrage fan 3800 euro.

De bydrage is ornearre foar it oanbringen fan in lûdkearende skowand tusken de kantine en de bouleseal. Beide rûmten steane yn iepen ferbining mei-inoar. Yn de bouleseal is in beamer en in skerm yn in fêste opstelling pleatst. By gearkomsten en presintaasjes hat men no faak lêst fan lûd út de kantine.

It bestjoer is tige bliid mei de bydrage, dy’t it doarpshûs dêr fan de Rabobank foar kriget. Pleatslik Belang Terwispel hat foar it oanbringen fan de lûdkearende skowand út it doarpebudzjet in bydrage fan 1500 euro beskikber steld.


Auteur

Fokke Wester