Poppekastspul Tomke en de taartfûgel yn bibleteek Gordyk

Opsterland-Ooststellingwerf

Op moandei 6 juny om 10.00 oere is de poppekastfoarstelling 'Tomke en de taartfûgel' yn bibleteek Gordyk.

De foarstelling mei Tomke yn de haadrol, foar pjutten, wurdt spile troch Erics Poppenkast. Nei ôfrin fan de foarstelling kinne de bern mei grutte Tomke op de foto. Yntree foar dizze moarn is twa euro foar de pjutten. De foarstelling wurdt spile yn de Fryske Foarlêswike. It doel fan dizze wike is foar te lêzen oan pjutten (2-4 jier) yn Fryslân om sa it aktyf brûken fan de Fryske taal te befoarderjen en it lêzen en foarlêzen yn de Fryske taal te stimulearjen. Yn dizze wike binne de bekende Tomke boekjes ek wer te ferkrijen yn de bibleteek. Oanmelde foar dizze moarn kin per mail t.devries@bzof.nl, yn de bibleteek of per tillefoan: 0513-461548.

Auteur

Redactie