Spikers & Katers yn premjêre yn de Skâns

Opsterland-Ooststellingwerf

 Toanielferiening Ienfâld en Freonskip út de Gordyk spilet dit jier Spikers & Katers op sneon 26 maart om 20.00 oere yn de Skâns op ‘e Gordyk.

In klucht yn trije bedriuwen fan Bernd Gombold (Die unglaubliche geschichte vom gestohlenen stinkkäse) oerset yn it Frysk troch Gurbe Dijkstra. Foar de spilers hat it yn in koarte tiid hiel drok west mei it ynstudearjen fan dizze tekst. Se binne troch in gearrin fan omstannichheden pas yn jannewaris útein set mei dizze klucht. Ûnder rezjy fan Appie Nutterts hawwe de spilers harren best dien om dit stik der yn te stampen en in prachtige klucht del te setten. It Ferhaal Moarns nei it jierlikse festival fan de fanfare wurde fjouwer manlju wekker mei in swiere holle. Al gau docht bliken dat se oant betiid yn de moarn goed stevich oan de drank sitten ha. Sadwaande ha se suver in black-out en witte se amper wat foar as achter is. De mannen binne hiel wat spultsjes kwyt, dy't op de raarste plakken werom fûn wurde. De froulju binne poerlilk en wolle net mear dat de mannen by harren yn 'e buert komme. Ek ha se midden yn de nacht dingen meinommen wêrfan't se net witte wêr't se wei komme. En wa hat die stjonksyskes stellen? It wurdt in hiel trelit en de oplossing fan al dizze riedsels hat in oanienskeakeling fan kostlike situaasjes ta gefolch. De mannen helje werklik alles út de kast om de froulju der mar fan te oertsjûgjen dat sy neat dien ha dat it deiljocht net ferdrage kinne soe. Kaartsjes besprekke kin fia in mail oan appien@chello.nl of telefoanysk op 0516-462532 of 0513-464317 of 0513-464422.

Auteur

Redactie