Mosken en Swannen yn kafee Overwijk yn De Tynje

Opsterland-Ooststellingwerf

 Op freed 18 en sneon 19 maart set Rjucht en Sljucht fan De Tynje it blijspul ‘Mosken en Swannen’ op ’e planken yn kafee Overwijk (Heawei 9, De Tynje).

It begjint om 20.00 oere.  Kaarten kinne besteld wurde by Andries Idzerda (0513-571226) of oer de mail: info@rjuchtensljucht.nl. Kaarten binne fierders op freed en sneon te krijen oan de kassa. De spilers en spylsters binne Renko Hof (Rick), Laura Oosterloo (Korine), Chantal Sinnema (Esther) en Jeen Wouda (Aram). De rezjy is fan Tineke Nicolai út Donkerbroek. Ynstekker is Eppie Oosterbaan. Blijspul It blijspul ‘Mosken en Swannen’ is skreaun troch Haye van der Heyden en yn it Frysk oerset troch Jikke de Haan. Mosken bliuwe mekoar kollektyf trou. Se dogge it allinnich mei oare mosken. Swannen binne idel en bliuwe harren hiele libbe trou oan inoar. Wy minsken meitsje in kar: Bliuwe wy by ien partner? Of fladderje wy rûn? Twa stellen moetsje elkoar op in wat dizenich feestje. Korine en Rick libje sûnder soargen en hawwe in iepen houlik. Se ha der foar keazen om iepen kaart te spyljen oer harren eskapades. Aram en Esther lykje yn alles in tsjinpoal te wêzen ta it oare stel: folle swiermoediger fan aard libje se tegearre mei de bedoeling om elkoar te beskermjen en elkoar foaral gjin fertriet te dwaan. Mar dan docht bliken dat der ek yn in iepen houlik jaloerskens libbet. Mosken en Swannen is in blijspul mei in protte humor. Op de foto Fan lofts nei rjochts: Renko Hof (Rick), Laura Oosterloo (Korine), Chantal Sinnema (Esther) en Jeen Wouda (Aram).

Auteur

Redactie