‘Heimwee' nei Oerterp en Drachten

Opsterland-Ooststellingwerf

 Tryater spilet Heimwee nei Hurdegaryp, in stik mei in universeel ferhaal oer weromtinke oan de bernejierren. Ast no út Oerterp komst, út Drachten of hokker stêd of doarp: yn Heimwee nei Hurdegaryp binne de ferhalen werkenber foar elkenien. 

It rûken fan krekt meand gers, it roppen fan bern op it skoalplein, sleatsjespringe, beltsjedrukke, aaisykje, in ferske fan BZN... Hoe is it om wei te wurden yn swiete oantinkens, pynlik langstme en de wyn waaie te litten as yn de tiid fan doe? Dêr giet Heimwee nei Hurdegaryp fan Tryater oer. De foarstelling is op te sjen op:  Tongersdei 25 febrewaris, De Wier, Oerterp, 20.00 oere, kaarten: 0512-301440. Tongersdei 3 maart, It Maskelyn, Hurdegaryp, 20.00 oere, kaarten: 0511-472126. Sneon 19 maart, De Lawei, Drachten, 20.15 oere, kaarten: 0512-335050. Tiisdei 23 maart, The Point, Bûtenpost, 20.00 oere, kaarten: Dropshop Liquorice of 0511-541444. Nei ôfrin draaie spilers Lourens en Eelco plaatsjes yn Kafee Heimwee. Foto: Saris & den Engelsman

Auteur

Redactie