Jan Arendz en Marijke Geertsma spylje harren eigen ‘Jubileum’

WIJNJEWOUDE

'It Jubileum' is te sjen op 30 jannewaris om 20.00 oere yn De Swingel yn Wynjewâld.

Jan Arendz en Marijke Geertsma hawwe nei 38 yn desimber 2012 ôfskied nommen fan Tryater. Se giene lykwols troch mei it spyljen fan toaniel en dêrom stiene se dus yn 2014 fjirtich jier op de planken. Om dit te fieren komme se mei in sels skreaun stik oer in akteursechtpear, dat ek jubilearret. Dy akteurs hawwe harren sechtichjierrich jubileum, yn 2034. De man (Jan) wol it unike jubileum fiere, de frou (Marijke) hat der gjin nocht mear oan. Dizze foarstelling is foar in part basearre op de stikken, dy’t se spile ha en dy’t harren in skat oan ferhalen oplevere ha. Tagelyk ha dy stikken ynfloed hân op har deistich libben, lykas it akteurwêzen dat ek hân hat. Ommers, se binne net allinne kollega’s, mar ek en foaral man en frou. En net te ferjitten heit en mem fan twa bern. Dat allegearre hat ek de noadige ferhalen opsmiten. Sa is ‘It Jubileum’ suver in kronyk wurden, net alllinne fan it (toaniel)libben fan in akteursechtpear, mar ek fan it Fryske kulturele libben, fan it feroarjende Fryslân. In kronyk fan it libben tusken 1974 en no, mar ek alfêst fan it libben - harren libben - tusken no en 2034. De rezjy fan ‘It Jubileum’ is yn hannen fan Bruun Kuijt, dy’t ek ‘Sterk Staaltsje’ regisearre hat. 'It Jubileum' wurdt spile yn al dy sealen en sealtsjes, dêr’t it jubilearjende echtpear Jan Arendz en Marijke Geertsma de ôfrûne fjirtich jier spile hat. Foar kaarten sjoch op www.jmteaterwurk.nl Kaarten kinne jo bestelle fia de mail: pdekroon@wxs.nl of op telefoannûmer: 0612996778

Auteur

Redactie